Piter Wilkens
Piter Wilkens - Maneuvels foar de moarntijd songtekst
Je score:
De dauwe falt, de sinne giet en nimmen kin ús noch hearre wy lizze neaken en beswit ûnder de stjerren, tegearre en do seist earnstich, suver mei twang ik kin sa laitsje om dyn gesang mar teare ferskes dy’t my reitsje wêrom wolst dy net meitsje De dauwe falt, lûkt stil oer ’t gea en al wat grien is wurdt dizich deis skynt de sinne ús op de lea sjonge wy boartlik en bizich myn leave Tryn, safolle goeds krûpt as in sykte ûnderhûds en ek al liket it nachts better fergif is stiller as wetter De sinne giet, de dauwe falt en it sicht wurdt ús ûntnommen gelok jout soms ek skeel en spjalt dêr is net ûnder út te kommen it hâld wol stân in ink’le dei mar it is soms ek samar wei en lit dyn leafde dy falle dan wurdsto bitter as galle Kom út dyn dream, myn leave Tryn wat ik sizze wol is wichtich de leafde is in spesjale wyn drink ’m stil en foarsichtich do moast him priuwe mei dyn ferstân al stiet dyn hert sa yn ’e brân oars is de ein fan ús siske wat lege flessen en jiske