Piter Wilkens

Piter Wilkens - Maneuvels foar de moarntijd lyrics

Your rating:

De dauwe falt, de sinne giet
en nimmen kin ús noch hearre
wy lizze neaken en beswit
ûnder de stjerren, tegearre
en do seist earnstich, suver mei twang
ik kin sa laitsje om dyn gesang
mar teare ferskes dy’t my reitsje
wêrom wolst dy net meitsje

De dauwe falt, lûkt stil oer ’t gea
en al wat grien is wurdt dizich
deis skynt de sinne ús op de lea
sjonge wy boartlik en bizich
myn leave Tryn, safolle goeds
krûpt as in sykte ûnderhûds
en ek al liket it nachts better
fergif is stiller as wetter

De sinne giet, de dauwe falt
en it sicht wurdt ús ûntnommen
gelok jout soms ek skeel en spjalt
dêr is net ûnder út te kommen
it hâld wol stân in ink’le dei
mar it is soms ek samar wei
en lit dyn leafde dy falle
dan wurdsto bitter as galle

Kom út dyn dream, myn leave Tryn
wat ik sizze wol is wichtich
de leafde is in spesjale wyn
drink ’m stil en foarsichtich
do moast him priuwe mei dyn ferstân
al stiet dyn hert sa yn ’e brân
oars is de ein fan ús siske
wat lege flessen en jiske
Get this song at:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Author: ?

Composer: ?

Publisher: ?

Details:

Language: Dutch

Share your thoughts

This form is protected by reCAPTCHA and the Google Privacy Policy and Terms of Service apply.

0 Comments found