Piter Wilkens
Piter Wilkens - Al myn gelok songtekst
Je score:
Der falt neat te sizzen, der falt neat te dwaan der falt neat te nimmen, der falt neat te jaan as in blom oan 'e stâl sit ik oan dy fêst as bern kinne wy boartsje yn in finne fan rêst Der is gjin besit, der is gjin gefjocht gjin do of ik, gjin kwea en gjin rjocht as in tek wite snie binne wy ien as in klear blauwe loft, as in muorre fan stien Soms fljocht it my oan en wit my gjin rie en woe dat ik reedlik en makliker wie om neat meitsje ik my faak ôfgryslike drok krekt as wol ik net wenne oan al myn gelok Mei dy kin ik prate en sizze wat ik fiel om dy kin ik gûle, do sitst yn myn siel mei dy kin ik laitsje en jou mysels bleat do bist myn gewisse, myn goed en ferkeard Do litst my gewurde en do hâldst sa fan my do joust my sa'n protte en wat jou ik dy ik spat faak sa op en ik skel en ik flok krekt as set ik my ôf tsjin al myn gelok Ik besykje te sizzen watsto foar my bist ik kin gjin wurden fine dus fanke, dit is it do bist as de moanne, it ljocht yn 'e nacht do bist de boarne wêr troch myn hert slacht Soms fljocht it my oan en wit my gjin rie en woe dat ik reedlik en makliker wie ik bin faak sa noartsk, in sinnich âld bok en ik sjoch fierste let nei al myn gelok Ja ik wit net wêrom, mar ik wit it is krom ik sjoch fierste let, do bist al myn gelok