Reboelje
Reboelje - net foar eltsenien lyrics
Your rating:
op in dei lykas alle oare dagen rin ik de trep ôf fan it âlde boargerhûs ik lûk de doar efter my ticht en op ‘e nei rin ik de stêd troch yn ‘e rein sûnder reden, sûnder doel yn it libben, sykjend om dy lytse skoftsjes, dy sprankjes fan gelok, dy’t sa moai, dy’t sa moai, dy’t sa moai wêze kinne en tsjin ‘e muorre fan it kleaster sjoch ik op ’e nij dûnsjende letters en ik lês; magysk teater, tagong fergees, mar net foar eltsenien, allinnich foar gekken it begjint fûlder te reinen ik kin de letters net mear fine, weemoedich rin ik werom lâns kino’s en kafees en oeral hear ik se sizzen: kom der yn, kom herein, mar dat wie neat foar my, dat wie foar eltsenien, ûnferwachts rint in man my hastich foarby, mei in boerd op ‘e rêch, mei dûnsjende letters magysk teater, tagong fergees, mar net foar eltsenien, allinnich foar gekken