Gurbe Douwstra
Gurbe Douwstra - Cliffs of Moher lyrics
Your rating:
't Wie in mearke gelyk, in ferhaal út in film Hy stoer en lûd, sy leaf en stil Mar wol o sa fereale, de ien op de oar En wêr't sy ek wienen, inkeld each foar elkoar 'k Nim dy mei, 'k nim dy mei, sa sei hy tsjin har Nei dat lân fan myn dreamen, ik lit dy gjin kar En ek dû wurdst betsjoene, foardatst it witst Astû stiest op de high Cliffs of Moher, yn 'e mist Yn dat lân, dêr't in liet klinkt út elk hûs en kroech Wêrfan't sjongers en dichters ferhelje Dêr't it libben faak kalm is, de see altyd rûch Dêrstû thús bist, al komst ek fan fier Harren takomst wie makke, sy hienen plannen by't soad Mei him wol ik libje, mei har wurd ik âld En op Saint Patricksdei hat in âlde pastoar Harren troud yn 'e rein, by de high Cliffs of Moher Yn dat lân, dêr't in liet klinkt út elk hûs en kroech Wêrfan't sjongers en dichters ferhelje Dêr't it libben faak kalm is, de see altyd rûch Dêrstû thús bist, al komst ek fan fier 't Wie in dizige dei, hiel ier yn 'e moarn Doe't hy sei tsjin syn leafste, kom jou my dyn hân Want der is wier neat moaiers, dû leaust my grif Astû aanst mei my giest oan de foet fan it klif Op dat paad, smel en glysterich, mei de see sa tichtby Fûn syn foet gjin hâldfest, en in weach naam him mei Yn dat iiskâlde wetter wie 't dat er stoar Foar it each fan syn faam, by de high Cliffs of Moher
Copyrights:
Author: ?
Composer: ?
Publisher: ?
Details:
Language: German
Translations: English , Dutch
Appearing on: Mijn Eigen Paad (2005) , Myn Eigen Paad (2005)
Last updated by Anonymous at Monday 17th of August 2009 21:17