Sido Martens
Sido Martens - De partisaan (Leonard Cohen cover) lyrics
Your rating:
Doe’t de fijân op ús of kaam koe ik my net samar oerjaan Leaver dea as slaaf Ik naaide út, it lân yn Myn famylje ha se krigen tsjin de muorre slein as miggen Mar ik haw gjin eangst Ik bin in man mei freonen In gernierke hat ús holpen liet ús sliepe yn syn stâlen Mar hy waard ferret Wat gûlde, wie de kûgel En al myn trije maten waarden fuorre oan soldaten Mar myn hert slacht troch Myn lichem is myn libben Oh, de wyn, de wyn dy’t rûzet en myn bloed, dat bûnst en brûzet as in frijheidsliet Ea sille wy wer dûnsje Doe’t de fijân op ús of kaam koe ik my net samar oerjaan Leaver dea as slaaf