Piter Wilkens
Piter Wilkens - Rein lyrics
Your rating:
Rein, rein, rein, dript by myn dak omleech rein, rein, rein, ik bliuw as in bolle sa steech rein, rein, rein, dript by myn ruten del mei bakken komt it út 'e himel, telâne yn 'e hel Paulusma seit dat der sinne komt en Krol swaait wer wakker mei syn fûsten yn it rûn mar ik wit it wetter stiet ús oan 'e knibbels ta we steane op weake grûn De bern hast dropt yn in bernekres jûns sitte se by muoike Neel en ik mei se fan de rjochter net mear sjen mar ek do litst se no knap yn 'e steek Do naamst myn bêste maat as partner 'k moat sizze ek dat spyt my net mear 'k moast laitsje doe 't ik jim betrape 'k seach jim en de wierheid neaken en bleat Rein, rein, rein, dript by myn dak omleech mar ik sit hjir goed, ik sit hjir heech en dreech rein, rein, rein, o ja drip mar ta do hast dochs nea begripe kinnen, dat ik hjir in prachtich plakje ha Ierdappels driuwe yn 'e drits kij glydzje troch de drek skiep swimme troch it lân lykas fisk en alle boeren wurde gek De hinnen lizze gjin aaien mear de hoanne is al dagen oerstjoer hy kraait mar troch de godgânske dei en de molke dy 't de geit jout is soer De hûn hoecht fan ellinde ek al gjin fretten mear en de kat is al moannen útfanhûs ja alles komt op 'e kop ferkeard mar ik fiel my sûnt tiden net sa goed (en it komt troch de . . . )