Piter Wilkens
Piter Wilkens - Country-line lyrics
Your rating:
Sis ha ik jim wolris ferteld, dat tryst ferhaal fan lytse Jelt hoe wakker sljocht at dy wol net mei dûnsjen wie har liif hie ritme fan komsa, hja libbe foar de cha-cha-cha ja dûnsjen wie it alderleafste dat sy die sy hie it ek op les besocht, har tango wie net om 'e nocht al wie it finen fan in partner wol wat dreech ien tweintich lang en like breed, gjin earm dy paste om sa'n reet dus bleau it stuoltsje njonken Jeltsje meastal leech Mar no hat sy it fûn, want elke freedtejûn rydt ús Jeltsje op har fytske nei De Pein en sy dûnset dêr as bêste op muzyk fan it Wylde Westen ja, sy is no hielendal gek fan country-line Dat foel ynearsten noch net ta, dit wie gjin foxtrot, wals of sa nee, dit wie wurk dat kaam der echt noch wol op oan de foet nei links en dan nei foaren, dan itselde mei de oare wis en wier dat freget om in grut ferstân mar Jeltsje wie net mear allinnich, fjirtich cowboys om har hinne en allegear, fan grut oant lyts, yn fol ornaat dus Jeltsje moast der ek oan leauwe, koe fansels net achterbliuwe en doe earst mar om in hynder op 'n paad En no hat sy it fûn, want elke freedtejûn rydt ús Jeltsje op har hynder nei De Pein en sy dûnset dêr as bêste op muzyk fan it Wylde Westen ja, sy is no hielendal gek fan country-line It grutste part fan Jeltsjes lean gie op oan djoere cowboyklean in riem, in holster mei pistoal, in Stetson-hoed in learen broek en learen learzens, swarte bloes, sa'n hiele kreazen en echte sulveren spoaren oan 'e foet dit duorre amper fjouwer wike en doe die it har al bliken as der yn pearkes dûnse waard dan bleau sy oer want Sjon dy woe it leafst mei Seije en Clint dy keas hieltyd foar Keije jim ha wol troch dêrfan wie Jeltsje raar oerstjoer En al liket it mar krûm, sa gie it elke freedtejûn yn dat sealtsje by it tsjerkje fan De Pein want cowboys lykje stoere minsken, mar sy hawwe ek har winsken foaral as it giet om dûnsjen yn in country-line Doe op in nacht, it wie yn de winter, trape it hynder yn in splinter sloech op 'e rin en smiet ús Jeltsje fan 'e rêch har lêste freon liet har ek stikke, spatte wrinzgjend oer de hikke syn lange sturt dat wie it lêste dat sy seach en dit waard Jeltsje slim tefolle, sy lei de lasso om 'e holle en socht in beam, de alderheechste dy't der wie sprong manmoedich fan 'e hikke, gûlde smoarend 'potferdikke' har waarme triennen dripten yn de kâlde snie