Roel Slofstra
Roel Slofstra - Suzanne songtekst
Je score:
Over deze songtekst:
Uit het project "Cohen in het Fries".
Suzanne nimt dy mei nei har wente oan it wetter Hearst de boaten dy’t foarby gean yn har earmen fielst de dining En do witst dat sy moai gek is Dêrom wolsto by har wêze En se komt mei tee en passyfrucht út it fiere fiere Sina En al soest eins sizze wolle Ik kin dy gjin leafde skinke nimt se dy mei op har wjukken en se lit de weagen sizze sy wie dyn leafste leafde En do wolst de reis wol oangean Blynseach wolsto har wol folgje En se kin op dy fertrouwe want do rekkest oan her wêzen mei dyn siel En Jezus wie in fisker Doe’t er rún oer it wetter gunde er him de tiid te skôgjen fanút syn iens’me houten hichte En doe’t er wis wie dat noch inkeld in drinkeling him sjen koe sei er: Minsken binne seelju oant de see harren wer frij lit Mar hy sels wie doe al brutsen lang foar’t de himel iepengie Hast breklik, as in minske sonk hy yn ús djipste witten as in stien En do wolst de reis wol oangean Blynseach wolsto him wol folgje En do wolst him wol fertrouwe want hy rekket oan dyn wêzen mei syn siel No nimt Suzanne dyn hân en se bringt dy nei it wetter Se draacht bûnte klean en fearren by de heilssoldaten garre En de sinne streamt as huning op de frouwe fan de haven *) En se wiist dy wêr’sto sjen moatst tusken ûnrant en de blommen Asto sjen wolst bin der helden Bern dy’t boartsje yn de moarntiid dy't longerje nei de leafde En dy langst sil altyd bliuwe wylst Suzanne de spegel foarhâldt En do doarst de reis wol oangean Blynseach wolst har wol folgje En do kinst op har fertrouwe want sy rekke mei har wezen oan dyn siel