Reboelje

Reboelje - tunnel fan it ljocht songtekst

Je score:
ek jim sil der fêst wolris fan heard ha
fan de tunnel mei it ljocht en de muzyk
fan it gelok en de waarmte dy’t je fiele
as je de dea al hast yn de eagen sjogge
de ferhalen sizze allegear itselde
oer de waarmte, oer it read en oer it blau
de muzyk klinkt noch moaier as op ierde
sa wurdt wol sein
oan de ein fan de tunnel skynt it ljocht
der wurdt wol sein dat it it ljocht is fan de himel

in mystearje dêr’t safolle al oer praat is
der waard sein dat de dea dêr mei te krijen hie
mar de wierheid is juster oan it ljocht kaam
de tunnel fan it gelok komt út op ierde
je hoege net iens te fjochtsjen om
de ljochten dêr te sjen
je hoege sels net te stjerren
om de waarmte dêr te fielen
je hoe de dea net yn te draven
om de muzyk te ûndergean
want de tunnel fan it gelok komt út op ierde
de tunnel fan it gelok komt út op ierde
it is de tunnel fan it ljocht en de muzyk

dus fiel dy frij, en libje dyn eigen libben
fiel dy frij en gean dyn eigenwize gong
lit se sjen, lit se fiele wa sto wurklik bist
lit it sabeare dwaan mar oer oan al dy oaren
ek al soe der no ien wêze
dy’t mient te witten wa sto bist
lit se mar fernimme, dat is foar harren it bêst
de tiid fan ûndergean is no foarby
want de tunnel fan it gelok komt út op ierde
de tunnel fan it gelok komt út op ierde
it is de tunnel fan it ljocht en it gelok
it is de tunnel fan de waarmte
it is de tunnel fan de muzyk
it is foaral de tunnel fan de leafde
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: Tsjerk Bootsma

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 1996

Taal: Nederlands

Komt voor op: De Brulloft (1996)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden