Reboelje

Reboelje - traktaat fan ‘e wolf songtekst

Je score:
ik lés in jiermerkeboekje, soks as de jannewarisminske
skreaun troch in bûtensteander
wa’t mear mar ek minder fan my wit
as in ûnpartidige lés ik it min-printe útnoegjende opskrift
“Traktaat fan ‘e wolf”

do jûnsminske, nea ôfhinklik fan in oar,
giest do sigesaagjend troch dyn libbensrin
do leist it ein yn it begjin
troch njonkelytsen dysels te koart te dwaan
en al dy dagen dysto ferlern hast
dy’t dy gjin presintsjes brochten
dy’t dy net út lykwicht hellen
dy’ sto der allinnich trochbrocht hast

mar der binne skoftsjes fan útsûnderingen
as yn dy sêfte passaazjes fan Mozart,
as by it lêzen fan Goethe‘s fers:
“Dammrung senkte sich von oben.”
dan is ‘t asto troch de himel fljochst,
de skepper oan it wurk sjochst,
de skoftsjes datsto it gouden godlik spoar
troch dyn libben sjochst
bytiden djip yn smoargens ferhoale,
en dan wer strielend mei gouden fonken,
sa koesterst de laffe leafde foar it boargermansbestean;
troch it kwea yn de wolfelearzen te skowen
en allinnich yn twa sielen te leauwen
sjochst nea de tûzenen oare blommen fan dyn siel!

wy litte dy no allinnich op it paad nei de ûnstjerliken
en asto dêr ea telâne komst, silst de wolf beskrobjend en mei begrutsjen talaitsje
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: ?

Details:

Taal: Nederlands

Komt voor op: Magysk Teater (1991)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden