Reboelje

Reboelje - sabeare wrâld songtekst

Je score:
in faam dy’t noch krekt gjin frou wie
mar seker gjin bern mear wie
boarte dat se nea wer wekker waard
wylst se har pipermunt opiet en
wylst elkenien wol yn ‘e smizen hie
dat it boartsjen mar sabeare wie
waard se sa blau as laai, en krige it skûm op ‘e bek
se ferskeat deryn en stikt sawat

want in sabeare wrâld, dat is gjin mearke wrâld
dat is gjin berne wrâld, dat is in werklike wrâld!
yn dizze rune wrâld, dy’t om ‘e ierde draait
draait alles om, draait alles om....

sadat se fan alteraasje it plattelân ferlit
en op syk giet om ‘e swiertekreft
mar jierren neitiid, as’t se de top berikt hat
sjocht se yn ‘e ôfgrûn del nei ûnderen ta
en tinkt noch ien kear dat se springe moat
út skuldgefoel jinoer de swiertekreft
mar dan sjocht se de oertreffende trep
dy rint se treftich op nei boppe ta

want in sabeare wrâld, dat is gjin mearke wrâld
dat is gjin berne wrâld, dat is in werklike wrâld!
yn dizze rune wrâld, dy’t om ‘e ierde draait
draait alles om, draait alles om....
de swiertekreft
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: Not On Label (Reboelje Self-released)

Details:

Uitgegeven in: 1992

Taal: Nederlands

Komt voor op: Simmersnie (1992)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden