Reboelje

Reboelje - merkeman songtekst

Je score:
ik wie noch mar – wit ik hoe lyts
doe’t ik al wist wat ik wurde woe
merkeman dat wie myn libbensdream
doe’t ik 13 wie, bin ik fan hûs wei rûn
ik ha myn âlders nea wer sjoen
ik bin meinaam troch in Dútske merkeman

yn goeie en yn minne tiden
hy hat my altyd krekt behannele
as wie ‘k syn bloedeigen soan
wy draaie yn Dútslân en yn Switserlân

ik ken Gdansk en La Rouchelle
in merkeman hat gjin heitelân

ik bin de merkeman
ik bin de merkeman

myn soan is no like âld
as ik wie doe’t ik fan hûs wei rûn
mar ik hy wurdt krekt as ik in merkeman
hy hat nea net nei skoalle west,
mar hy is wier wol goed by
alles wat er witte moat, dat leart er wol fan my

ik bin de merkeman
ik bin de merkeman
sa lang as myn bealch wol
bliuw ik in merkeman
sa lang as ik libje sil
bliuw ik de merkeman
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Marius de Boer, Tiede Lanting

Componist: Marius de Boer, Tiede Lanting

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 1996

Taal: Nederlands

Komt voor op: Merkeman (1996)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden