Reboelje

Reboelje - marije maria songtekst

Je score:

sa asto dêr stiest sa fier en rjochtop
Marije ik ken dy salang
sa ast nei my sjochst, ik wit datst ‘t kinst
Marije wês mar net bang
as ien my doe sein hie, dat God graach in bern woe
Marije dan tocht ik oan dy
ik sjoch nei dyn eagen, dyn mûle dyn bûk
Marije it is gjin fantasy

wy boarten tegearre yn it sân yn de sinne
Marije ik ken dy sa lang
de faam fan myn dreamen dy’t ik oerdei hie
Marije hoe faak ha ’k it sein
sa asto dêr rinst blier en útdaagjend
Marije sa moai en sa pril
ik leaude fuortdaliks, dat Hy by dy kaam
Marije ik hâld it wol stil

do bist in frou foar in wonder, as faam al bysûnder
Marije do kinst it wol oan
frou út de dreamen fan safolle minsken
Marije sa moai en gewoan
wy boarten tegearre yn it sân yn de sinne
Marije ik ken dy sa lang
de faam fan myn dreamen dy’t ik oerdei hie
Marije hoe faak ha ’k it sein

Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy
Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy
Marije, Maria, Marije wy hâlde fan dy
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Marius de Boer

Componist: Tsjerk Bootsma

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 1998

Taal: Nederlands

Komt voor op: De Oere O (part I) (2000)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden