Reboelje

Reboelje - krekt as wy songtekst

Je score:
ûnder dizze brêge
wachtsje wy op dy
krekt foar’t de klokken spylje
silsto hjir wol wer lâns rinne
do draachst begrutlik djoere klean
en do rukst net nei dysels
do doarst ús net rjocht oan te sjen
derom sjogge wy dy nei
sa rinsto nei dyn wurk of sa
alle dagen wer
en elke dei mar wer op syk
nei noch mear oansjen en súkses

yn  wêzen bisto krekt as wy
like rûch like frij
yn  wêzen bisto krekt as wy
ek al wolst it noch net tajaan sels
op in dei silsto hjir neist ús lizze
sûnder soargen en djoere klean

nachts as it ferkear ferdwynt
en de measte lampen útgean
tinke wy oan dy, en aaie wy ússels
ûnder ús tekkens fan karton
yn ús dreamen leisto neist ús jûns
en krûpe wy dy oan
jouwe dy leafde en gelok
oant wy foldien en wurch yn ‘e sliep falle

yn  wêzen bisto krekt as wy
like rûch like frij
yn  wêzen bisto krekt as wy
ek al wolst it noch net tajaan sels
op in dei silsto hjir neist ús lizze
sûnder soargen en sûnder klean
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 1994

Taal: Nederlands

Komt voor op: Medusa (1994)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden