Reboelje

Reboelje - kom mar, kom mar songtekst

Je score:
lyts leaf suske
sjoch my oan, fertel my
wat wolsto letter wurde
wolsto krekt as ik
folwoeksen wêze
en dwaan wat goed en moai is
sjoch my oan
do bist al grut
mar do moatst noch och safolle leare
fertrou op my
ik hâld fan dy
ik sil dy nea net ferriede

lit my dy leare
hoe’t in faam in frou wurdt
dêr’t in man foar falt
dêr’t in man foar kiest
earst moast my swarre
dat it ús geheim bliuwt
doch wat ik sis
en ik sil dy alles leare

kom mar, kom mar
kom mar by my
kom mar, kom mar
kom tichterby

do lyts leaf famke
wês mar net bang
wy ferjitte efkes alles om ús hinne
sjoch my oan
en harkje goed
dan kin dy (wier) neat oerkomme
doch wat ik sis
en ik lit dy alles sjen
alle geheimen, dy’t ik ken
lyts leaf famke, sis mar neat mear
krûp my oan
do bist no al gjin bern mear
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: Tsjerk Bootsma

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 1996

Taal: Afrikaans

Komt voor op: De Brulloft (1996)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden