Reboelje

Reboelje - it tij ferrint songtekst

Je score:
lâns de rane fan in ryk lân
rint in frou dy’t al mem wêze koe
se hat it hier omheech en de learzens oan
en se stoarret oer de see
se bliuwt stean en sjocht nei it spul
fan de weagen, it skûm en de wyn
mar foaral hjoed wol se net tinke
net oan letter, en net oan ‘t ferlyn

it tij ferrint, de weagen ferdwine
sa giet al ieuwen oanien
salang as de moanne om ‘e ierde draait
hat it altyd al sa west

se wit noch goed dat se lang ferlyn noch
hjir draafde mei har heit
se lake nei de fûgels,
en skreau har namme yn it san
se wit noch goed dat se doe al faak
der oer prate mei har mem
dy’t doe noch net begripe koe
dat se nea net beppe wurde soe

it tij ferrint, de weagen ferdwine
sa giet al ieuwen oanien
salang as de moanne om ‘e ierde draait
hat it altyd al sa west
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Marius de Boer

Componist: Durk Hogendorp

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 1996

Taal: Nederlands

Komt voor op: Merkeman (1996)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden