Reboelje

Reboelje - it kralespul songtekst

Je score:
Ier en betiid stie ik bûtendoar yn ‘e kjeld,
tusken fjouwer keale muorren
Lyk foar my oer stienen tolve hearen
en neist my wie it skavot
op har befel run ik nei foarren,
en ik knibbele en harke nei it fonnis:

foar jim stiet de man dy’t ús teater misbrûkt
en ferwiksele hat mei de wurklikheid
hy hat it spegele fanke kâld makke
mei syn spegele mes en boppedat hat er ús teater bespile
sûnder te laitsjen
dêrom feroardielje wy him ta it ivige libben!

Dat njonkenlytsen waard it my dúdlik,
de nummers, de letters
alle regels fan it spul
ik trochseach it hielendal
En fannijs soe ik it spylje
op in dei soe ik t leare:
it laitsjen, it libjen
it boartsjen fan sabeare
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: Not On Label (Reboelje Self-released)

Details:

Uitgegeven in: 1991

Taal: Nederlands

Komt voor op: Magysk Teater (1991)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden