Reboelje

Reboelje - it folksgerjocht songtekst

Je score:
do dêr,
tink der goed om
dyn dwaan en litten wurdt besjoen
en beoardiele troch my
ik bin de rjochter
sûnder tribunaal
ik bin it gewisse fan it folk,
fan de gewoane man
pas mar op! – tink der goed om
it folksgerjocht sprekt rjocht

it folksgerjocht
warskôget net ien kear
it hat gjin nocht oan moaie praatsjes
dus bycht mar op
harkje goed nei my
foar’t te let is
ik wit alles en ik sprek de wierheid
ik bin de advokaat fan god
pas mar op! – tink der goed om
it folksgerjocht sprekt rjocht

dêr’t de wetten net mear doge
as de rjochters deabenaud wurde
sprekt it folksgerjocht har út
en sil it folk kwea mei kwea ferjilde
pas mar op! – tink der goed om

jim dêr,
tink der goed om
dyn dwaan en litten wurdt besjoen
en beoardiele troch my
ik bin de rjochter
sûnder tribunaal
ik bin it gewisse fan it folk,
fan de gewoane man
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Marius de Boer

Componist: Tsjerk Bootsma

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 1996

Taal: Nederlands

Komt voor op: Merkeman (1996)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden