Reboelje

Reboelje - ik haw wûn songtekst

Je score:
dêr sit ik dan yn in tsjuster keamerke
en troch de traaljes stoarje ik nei de loft
dy’t stadich foarby skoot
oerenlang

lit se mar tinke dat se my hawwe
en dat ik my oerjou oan de arrogânsje fan de macht
ik gniis dêrom, laitsje se út
en ik fiel my sa wis
ik fiel my sa sterk

want as ik wol dan sjit ik se del
ien foar ien foar ien foar ien foar ien
ien foar ien foar ien foar ien allegear

dêr stean ik dan foar it gerjocht
en sjoch se oan, rjocht yn de eagen
wylst se my freegje wêr is dyn maat 
hâld op hâld op ik bin mar allinnich
hielendal allinnich

mar as ik wol dan sjit ik jim del
ien foar ien foar ien foar ien foar ien
ien foar ien foar ien foar ien allegear
allegear

mar moarn wurd ik wekker as in winner
moarn wurd ik wekker as in winner
ik haw wûn ik haw wûn ik haw wûn
foar dy foar my foar ús allegear
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Marius de Boer

Componist: ?

Publisher: Not On Label (Reboelje Self-released)

Details:

Uitgegeven in: 1989

Taal: Nederlands

Komt voor op: Skepper Fan De Skepper (1989)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden