Reboelje

Reboelje - heitelân songtekst

Je score:

Dêr’t de dyk it lân omklammet
Lyk in memme-earm har bern
Dêr’t de wylde see jamk flammet
Op in hap út Fryslâns hern’
Dêr’t de stiennen man syn eagen
Stoarje lit oer see en dûns
Dêr’t men eanget fan gjin weagen
Dêr is it leave lân fan Wûns

Leaf, leaver, leafst
Fiel de hertstocht, fiel de passy
Fiel de waarmte fan de klaai

Sûnt ieuwen lyn in peinzer pryster
Us oprjocht de wierheid sei
Is it jûnsmiel mar in jûnsmiel
Kiest in bern syn eigen wei
Fan grutte pier, dy’t focht út wraaksucht
Each foar each, syn swurd sa grut
Hie ‘k al leard, dat ferjilding
Foar ús Friezen neat betsjut

Leaf, leaver, leafst
Fiel de hertstocht, fiel de passy
Fiel de waarmte fan de klaai
It fielt as lava
Mar it is de waarmte fan de klaai

Fan de dichters, dy’t frijút skreaunen
Yn de taal fan ’t boerefolk
Haw ik leard, dat keunst in keunst is
Like bysûnder as gewoan
Hieltyd wêr hear ik de klokken
Master Gysbert, in ûnstjerlik man
No’t de stiennen man wer libbet
Hear ik muzyk fanôf de dyk
Dêr sjongt in frou yn alle talen
Fan har Grinzer republyk
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 2001

Taal: Nederlands

Komt voor op: Wûnslân (2001)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden