Reboelje

Reboelje - eilân yn de see songtekst

Je score:
fan ôf de heechste toer yn de wrâld
sjoch ik warbere lytse minsken
dy’t lyk as lytse eamelders
mei grutte stikken drek sjouwe
neist my boartet de skepper
mei tûzenen tinne toutsjes
dy’t sa fyn binne
dat se nea net yn de tiis komme

fûgels fleane oer, dagen wurde koarter
en it wetter komt al tichterby
en op bleate fuotten troch de wiete drek
rinne manlju en rinne froulju
se driuwe it fee nei de wierde
want de nachten wurde langer
en it wetter komt al tichterby
it wetter komt al tichterby

hoe graach soe ik as in reus
oer it wiete waad rinne
en djippe fuotprinten meitsje
wêr al it wetter yn fuort rinne kin
mar machteleas sjoch ik nei myn buorman
dy’t alle toutsjes yn ‘e hannen hat
en fan wa ’t ik wit
dat er better noch as my relativearje kin

en yn dizze tsjustere nacht yn de slachtmoanne
sjoch ik angst yn de eagen
fan de âlderein en de bern
want it spoeket en it stoarmet
kij wurde ûnrêstich
it wetter komt fiisten te heech
en ik sjoch ûnskuldige lytse minsken
dy’t bidde en dy’t smeekje

lit ús eilân yn de see
lit ús eilân yn de see gewurde
lit ús wurkje lit ús libje
wy sille fjochtsje wy sille offerje
mar lit ús eilân yn de see
lit ús eilân yn de see
lit ús gewurde, gewurde
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Marius de Boer

Componist: ?

Publisher: Marista

Details:

Uitgegeven in: 1989

Taal: Nederlands

Komt voor op: Skepper Fan De Skepper (1989)

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden