Reboelje
Reboelje - dokter fan bartlehiem songtekst
Je score:
in jonge fan noch gjin sechstjin jier dy’t oars altiten sa sûn wie lei no al wikenlang deasiik op bêd hy koe net oars as krimmenearje alle dokters hiene by him west mar der wie net ien dy’t wist hoe’t er better wurde koe syn heit en mem sieten neist syn bêd oant er op it lange lest yn sliep foel hy dreamde dan oer nije tiden wer ‘t in wûnder noch wol besteansrjocht hie wêr is de dokter fan Bartlehiem de man dy’t alle minsken heelje koe foar wa’t de dea net mear as in grypke wie dokter fan Bethlehim in famke fan noch gjin oardel ier gong mei har heit nei it griene krús ta se spuiten har fol mei ynintingsguod sûnder dat se dêrom frege hie en doe’t se folle âlder wie en har berns bern al bern krigen lei se oeren lang mei har eagen iepen oant se op it lange lest yn sliep foel se dreamde dan oer ferliene tiden wer ‘t in wûnder noch wol besteansrjocht hie