Piter Wilkens

Piter Wilkens - Wolkomstblues (Tútsje!) songtekst

Je score:
Ik kin dy wol tútsje fanke,
ik bin sa bliid datsto der bist.
Ja, ja, ja tútsje,
ik bin sa bliid datsto der bist.
Nee do hâldst gjin plakje droech bern,
ik ha dy salang mist.

Hee, hee, hee, tútsje,
op dyn hier en op dyn hûd.
Ja, ja, ja tútsje fanke,
op dyn hier en op dyn hûd.
Ûnder 'e earms, efter it ear,
de ûnderkant fan dyn linkerfoet.

In tútsje op dyn mûle, in tútsje op dyn wang,
in tútsje yn dyn nekke, sobje, sobje, lekker lang. 
In tútsje op dyn noas, in tútsje op dyn kin,
ja oer dyn hiele liif oant ik by dyn 'G-spot' bin. 
Flybje, frije, streakje, krûpe, tútsje docht je goed,
tink der mar om datst net fersûpst yn myn wiete tútsjes floed.

Hee, hee, ik wol in tútsje! 
En ik krûp dy lekker oan,
Ja, ja, ja tútsje fanke!
En ik krûp dy lekker oan!
En ik hâld dy sa stiif fêst, 
do bliuwst hjir oant de iere moarn.

Tútsje, tútsje, tútsje, tútsje, 
o, ik ha dy salang mist.
Tútsje, tútsje, tútsje, tútsje fanke, 
ik ha dy salang mist.
Nee do hâldst gjin plakje droech bern,
do witst net heal hoe moai ast bist.
O do hâldst gjin plakje droech bern,
do witst net heal hoe moai ast bist!
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Piter Wilkens

Componist: Piter Wilkens

Publisher: Marista

Details:

Taal: Nederlands

Laatst bijgewerkt door Anonymous op Saturday 23rd of May 2009 14:13

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden