Piter Wilkens
Piter Wilkens - Trûbadoer songtekst
Je score:
Eartiids brocht er nijs mei in protte sensaasje wêr't er mar kaam mei syn luit of syn lier no is hy dekor foar de ferdivedaasje syn fersterker fersterket de omset fan it bier Kaam hy yn in herberch: elts hong oan syn lippen se dronken syn lieten en fregen om mear se hingje oan de bar no in pilske te wippen en freegje: dochst dy fan Frank Bauer in kear? Trûbadoer, dat is tsjintwurdich in hiele toer trûbadoer, dêr is tsjintwurdich hast neat fan oer Foar 'mans en in slokje' song hy syn ferhalen en frege er om sliepplak, dan wie dat net raar no fret it publyk fan de salm en garnalen en krôkje se lûder as syn gitaar En dochs wurdt er frege yn doarpskroech of tinte al baalt er dat nimmen noch heart nei syn liet mar ek hy hat in hypoteek op 'e klinte en dus kin it net oars as dat er hjir stiet Trûbadoer, it is soms krekt in aventoer trûbadoer, dat ik hjir stean fyn ik wol stoer Mar wat der ek bart, wat ik ek fiel mei ielt op de fingers en ielt op de siel somtiden 'kwatta', dan wer in rôle drop kom op, ik wol spylje, dûbeld fel foar de kop Hy spilet foar earmen, hy spilet foar riken wat dat oanbelanget feroaret der neat mar syn manager regelt syn drokke wiken hy hat sponsors en fans en wurdt subsidieard Op elk sjongfestivaltsje komt er fanwegen en karriêreplanning, hy wit hoe't it heart hy makket CD's as siet men ferlegen syn clips kin men dellade fan ynternet Trûbadoer, hy is noch net op syn retoer trûbadoer, unplugged wie eartiids sûnder snoer trûbadoer, dy DVD's binne ferrekte djoer trûbadoer, bin ik net thús dan bin ik on tour trûbadoer, wy sjonge hjir foar jim fol fjoer trûbadoer, is it net nei it sin dan dogge wy it oer