Piter Wilkens
Piter Wilkens - Tichter by dy songtekst
Je score:
Elk jier wer mear grize hierren elk jier wer in tinnere prúk en stadichoan troch de jierren tine wy út, sjoch nei myn búk Elk jier wer mear yn 'e fâlden wy wurde der net moaier op wy wurde fan dy âlden mar it giet hyltyd better fynst net pop Tichter by dy, tichter by dy ik bin wol bûn, mar ik fiel my frij tichter by dy, tichter by dy en al wat ik wol is tichte, tichte by dy Elk jier lear ik dy better kinnen dêr wurd ik graach wat âlder foar it begjint tusken ús goed te rinnen en noch altyd smoar, smoar op elkoar Ien ding is wis, wy feroarje mar âlderdom, dêr leau ik net yn jong fan hert is ús histoarje en de bûtenkant dat is mar skyn Elk minsk hat sa syn stribjen elk minsk wol better en mear mar wy witte, it ein fan ús libben komt in kear, da 's samar klear Dus wêrom dy salve en pillen fuort mei dy fitness en stress 't hat gjin sin der sa swier oan te tillen yn de leafde ha wy alle sukses