Piter Wilkens
Piter Wilkens - Sonja en Sieu songtekst
Je score:
Der wienen ris twa susters op in lytse buorkerij dêr hienen sy ’n kafee en sy molken tritich kij de iene wie in drysten en de oare wie noch grien de iene wie bekoarlik en de oar in keinen ien De iene hite Sonja en de oare hite Sieu ik hie mei har tegearre ’t aventoerke fan de ieu ja, no wolle jim graach witte wêr ’t dat pleatske leit mar dat sil ik net ferklappe, net yn der ivichheid Ik kaam dêr op myn fytske op in moaie simmerjûn it wie my inkeld mar om in boarreltsje begûn ik gie dêr sitten oan ’e bar, mar wat in geriif want efter de taap seach ik Sonja’s bleate liif It makke my wat skruten, mar ik pakte myn fioel’ en ik spile doe in polka mei in protte gefoel Sonja dûnse en al gau kaam Sieu der by mei in roas tusken har boarsten en dy roas dy wie foar my De froulju waarden wyld, krigen nea har gerak sy woenen my dêr ha te helpen by har twadde tak ‘Bliuw by ús leave jonge’, frege Sieu mei gleone stim en ik tocht: ‘Ik leau dat ik noch mar in slokje nim’ Op in bêd fan roazen sliep ik no elke moarn en troch Sonja en troch Sieu wurdt ik de hiele dei bedoarn ik spylje alle jûnen by harren yn ’e kroech wy ha in soad sukses en ik stean ek noait mear droech