Piter Wilkens
Piter Wilkens - Skip mei jild (de Strúsfûgel fan Douwe Aukes) songtekst
Je score:
De weagen binne heech, de oseaan is wiid, jild moat rôlje, rôlje skip mei jild en Douwe Aukes is de held yn elke striid, jild moat rôlje, rôlje skip mei jild Portugees en Ingelskman rin nei jim moer en lit foar ús mar al it jild as wetter oer rôlje, rôlje, jild moat rôlje, rôlje skip mei jild Wy ha geweren en kanonnen by de rûs en bringe rys en speserijen mei nei hûs gjin see is ús te wyld, gjin inkeld aventoer oan board!, en far mei ús it jild as wetter oer Oranje, blanje, bleu, foar eare, folk en lân de keapfardij dat is in maatskippij fan stân gruts en fier en from sa steane wy oan 't roer mei folle seilen hup, it jild as wetter oer Wy drinke bier en brandewyn, en wat mar gjest tsjin skiterij en goalera, skuorbot en pest it fretten like pikelich, sitroen is soer it falt net altyd ta, it jild as wetter oer De V.O.C. betellet net nei elke reis dus moatte wy wat dievje earne ûnderweis yn elke haven feest, op elke kaai in hoer al rôvjend farre wy it jild as wetter oer Wy sjitte en wy stekke en wy fjochtsje braaf de Afrikaan en Indiër binn' dea as slaaf al binn' sy noch sa tûk wy hâlde it bestjoer der bliuwt fan hiel de Oriënt gjin bliksem oer