Piter Wilkens
De Kast & Piter Wilkens - Simmerliet songtekst
Je score:
Fryslân do libbest, do libbest as in hert, gjin dei dat ik net even oan dy tink. Der baarnt in fjoer yn my, in libbenslang ferlet, dy te rûken, dy te sjen dyn taal te hearren, myn byld fan dy is noch net skansearre: dyn wide loften, de sinne op it waad, boerepleatsen yn it beammeskaad, de âlde toer dy't tolve oere slacht, de fiere lûden yn'e stille nacht. Fryslân do libbest, do libbest yn myn hert, al bin ik fier fan dy, ferjit my net, Fryslân ferjit my net. Bin ik werom dan fyn ik op'e taast de paden As ik werom bin stiet de flagge op'e toer Bin ik werom dan stiet it fee te pronkjen As ik werom bin giet dat nijs as diggelfjoer Bin ik werom dan sjoch ik al myn âlde freonen As ik werom bin rint it libben út'e hân Bin ik werom dan wol ik feesten fiere As ik werom bin leit it hea wer op it lân (c) Piter Wilkins