Piter Wilkens

Piter Wilkens - Persoanlike Piter songtekst

Je score:
Persoanlike Piter sit
elke moarn te brochje iten
sjocht wat der yn ’e krante stiet
t heart by syn deistige riten
hy lêst mei alle nocht
oer in lustmoard in berjocht

Wat in gesoademiter!’
seit Persoanlike Piter
Persoanlike Piters frou
en syn ûnsjogge dochter
sa op it each bliuwt hy sy trou
mar as er koe dan socht er
in Thaiske hoer, in Poalske breid
mar hy doart net, net yn der ivichheid
o, wat in broekjeskiter

Persoanlike Piter
Persoanlike Piter giet
op it fytske nei kantoar ta
strikje foar, kreas yn ’t gelid
hy sil dêr noait spul mei in oar ha
hy komt de baas net oan ’e pels
hâld syn tinzen wol foar himsels
no sis it mar, hoe hyt er?

Persoanlike Piter
Persoanlike Piter slacht
stikem nachts syn eigen wyfke
foar de kick en om de macht
dat jou ik dy op in briefke
syn takomst is al lang ferskuord
hy spielt mei sterke drank syn ûnmoed fuort
hast elke jûn wol in liter

Persoanlike Piter
Persoanlike Piter is
te finen yn elke strjitte
en ien ding dat is wis
nimmen wol der wat fan witte
jawis, no wiist der ien nei my
‘Persoanlike Piter dat is hy!’
mar ha dysels no net te fiter
seit Persoanlike Piter
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: Cornelis Vreeswijk

Componist: ?

Publisher: SKIIF

Details:

Uitgegeven in: 2006

Taal: Nederlands

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden