Piter Wilkens
Piter Wilkens - Myn Bern songtekst
Je score:
It makket neat út watsto bist Of hokker paad datsto ek giest Dochsto neat dan krijsto spyt En my rekkest net kwyt Do bliuwst myn bern en stap mar wis Datsto mar lokkich wurde silst En dysels mar wêze kinst Is it wichtichste foar my Ik stean altyd efter dy Ik bliuw dyn heit, ja sa is’t Do wrakselst mei dyn wêzen Yn dy ferskûlet in ferlangst Do setst dapper troch Mar wol mei twifels en mei angst Kinsto dyn ferhaal kwyt Ik bin wier fan goeie wil Mar ik kin dy ek net sizze Hoe’t it úteinlik komme sil Hoe’t it sit of hoe’t it leit of wat in oar der ek fan seit Do hast gjin kar do giest dyn wei En ik gean mei dy mei Do bist myn bern, ik bin dyn heit Der is neat wûn en neat ferlern Mar ek dy is lok beskern It ferhaal is fuort net út Mar wy buorkje wol foarút Ik bin dyn heit do bist myn bern Do kaamst yn myn libben En man wat wie ik bliid Dyn earste bernejierren Wat wie dat in moaie tiid Leafde is sûnder betingsten Bern gean altyd foar En dizze ûnferwachjte kreaming Bringt ús faaks tichter by elkoar Hoe’t it sit of hoe’t it leit Of wat in oar der ek fan seit Do hast gjin kar do giest dyn wei En ik gean mei dy mei Do bist myn bern, ik bin dyn heit Der is neat wûn en neat ferlern Mar ek dy is lok beskern It ferhaal is fuort net út Mar wy buorkje wol foarút Ik bin dyn heit, do bist myn bern It makket neat út watsto bist Of hokker paad datsto ek giest Dochsto neat dan krijsto spyt En my rekkest net kwyt Do bliuwst myn bern ast dat mar witst Datsto mar lokkich wurde silst En dysels mar wêze kinst Is it wichtichste foar my Ik stean altyd efter dy Ik bliuw dyn heit, ja sa is’t Dat is it wichtichste foar my Ik stean altyd efter dy Ik bin dyn heit ast dat mar nea ferjitst