Piter Wilkens

Piter Wilkens - Lytse snieman songtekst

Je score:

Lytse snieman de snieklokjes bloeie 
sy komme ûnder 't wintertek wei 
sy laitsje nei de iere maaitiidssinne 
ja hjoed is 't wier de droege tei 
'k stean foar it rút en ik sjoch tryst nei bûten 
do stiest der sa helpeleas by 
do stiest dêr midden yn in grutte plasse 
it bin de triennen fan dy en fan my 

Lytse snieman de fûgels, sy fluitsje 
sy bin fereale en tsjirpe sa blier 
al dat prille gelok is oandwaanlik 
mar net foar dy dizz' tiid fan 't jier 
foar dyn pine en dyn smert is gjin romte 
minsken rinne dy samar foarby 
sy ha gjin erch yn it leed dat wy diele 
yn de triennen fan dy en fan my 

Lytse snieman, dyn oanfretten noaske 
fei ik aanst mei dyn biezem fan 't paad 
it waar sit yn de sjaal dy 't ik breide 
en dyn hoed leit alwer yn it laat 
de kringloop, it is net te kearen 
mar ast oerfljochst dan wiuw ik nei dy 
yn de wolken dêr sit aanst dyn lyfke 
yn de triennen fan dy en fan my 

Lytse snieman do silst nea wer gûle 
it is wis, ea komsto werom 
en dan mei it om my dagen snije 
dan wurdt ús wrâld iepen en from 
ik triuw dy op tiid yn de friezer 
sa bliuwsto foar ivich by my 
en ik sil út en troch ûnder 't lid sjen 
Lytse snieman ik hâld sa fan dy 

Lytse snieman 't is altyd itselde 
as de snie falt dan boartsje de bern 
sy meitsje fan willens in snieman 
mar de maaitiid dy meisto nea sjen 
it falt swier elk jier wer dit ôfskie 
mar dat is aanst foar altyd foarby 
do stiest nea wer yn in grutte plasse 
nea wer triennen foar dy en foar my
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: Marista

Details:

Taal: Nederlands

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden