Piter Wilkens
Piter Wilkens - Libben, libben, libben (Leonard Cohen cover) songtekst
Je score:
Ik die de hannen gear en frege: Heit, kin ik gjin oare namme ha? Sa’t ik no jhit, da hjitte lefferts En dêrfoar skamje ik my sa Bring it libben, libben, libben, libben, libben, libben werom yn my Hy sei: it is as mei dyn lichem It is in jefte en in wei Do kinst fjochtsje, do kinst frije It is oan dy, wat dochst der mei? Bring it libben, libben, libben, libben, libben, libben werom yn my Lit my dan opnij begjinne, Heit Soargje der foar dat ik no stjer Ik wol in blier en suver antlit Ik wol in siel sûnder bedjer Bring it libben, libben, libben, libben, libben, libben werom yn my Ik liet dy wier nea sitte, sei Hy Al wie de striid sa hurd Jim bouden sels oeral myn tsjerke Jim sprieken sels oeral myn wurd Bring it libben, libben, libben, libben, libben, libben werom yn my En de betsjutting fan dit liet Lit it rypje oer de wrâld Foar de frede, as in skyld Foar alle minsken, jong en âld Bring it libben, libben, libben, libben, libben, libben werom yn my