Piter Wilkens
Piter Wilkens - It Pompeblêdhert songtekst
Je score:
Foutbal is sirkus, blydskip, fertriet fuotbal is show, fol libben en striid wy ha yn it Fean ús sin op jim set de rop fan it pompeblêdhert Heech leit de latte, grut is 't paroal gryp dizze kâns en sjit op de goal oan romte wurdt boud, der is grut ferlet kom jou ús jim pompeblêdhert Yn 'e mande mei elkoar Europa yn, yn Abe 's spoar de club/ coach fan 't jier komt nei jim ta kom spylje mei en siz fan ja kearsang: Everybody has a pompeblêdhert Everybody has a pompeblêdhert der is mar ien club en it is noait te let foar in pompeblêdhert Wyt binn' de linen, rûn is de bal grien is it fjild, it blêd is oeral elk kin de regels en wit hoe 't it heart it spul fan it pompeblêdhert Elk is hjir wolkom, dus ful yn dy bon en priuw ek de sfear fan ús pracht stadion it stikt fan de kleuren, ferskil is der net it folk fan it pompeblêdhert ekstra koepletten: De frosken sy kweakje de fjilden wer oer sy witte it skoan, 't sit yn de natoer fanút elke sleat, in skoander konsert it liet fan it pompeblêdhert Doet stjoert ferslagen nei Sybren op see en beppe de Vries sit thús foar de t.v. Mohammed en Klaske, Ludmilla en Fred wa hat net in pompeblêdhert? Aerosol Sander en Graffity Sven binne ek oprjochte pompeblêdfan nachts drok yn touw en no stiet op elk sket in prachtich moai pompeblêdhert 1-2 tsjin Utert, dat is net sa'n skea want lânskampioen dat wurde wy ea ja soms wol it wol en soms wol it net kom leau yn it pompeblêdhert