Piter Wilkens
Piter Wilkens - IT FÛGELTSJE YN MYN GITAAR songtekst
Je score:
Der sit in fûgeltsje yn myn gitaar ik neam him sa sljochtwei mar Knilles en as er mar sykhellet, klinkt der in snaar dan ha ’k wer in ferske en miskien is it raar mar ik leau dat Knilles nea stil is Der sit in frommeske ûnder myn hier sy kin al myn tinzen hast lêze en as ik mar harkje, dan wurdt sy al blier sy dûnset en laket en hat sa’n plezier ja, ’t moat wol in froufamke wêze In hiel moai famke yn ’t moanneljocht dêr woe ik sa graach fan sjonge sy is as sulver, sy glimket oprjocht ik glimkje werom as sy nei my sjocht en ik fiel my wer efkes in jonge Der sit in kweajonge djip yn myn bloed besykje syn liet net te kearen hy sjongt foar Knilles, hy hat altyd moed wa’t wol kin it hearre, dat harkje mar goed tankewol dames en hearen