Piter Wilkens
Piter Wilkens - it fûgelbekfers songtekst
Je score:
Mei 'k jo wat freegje, sis my is it wier Kom ik hjir wer en faaks as in dier It wol my net oan en ik krij it te kwea As ik tink oan myn libben aanst nei de dea Ik wol my wol skikke as hûn of as do As bolle, as hynst, as't moat sels als ko Mar 't hert stie my stil, in skande dat is 't Hjoed seach ik yn Artis in fûgelbekbist It leafst bliuw ik yn Fryslân mei sjonge as wurk Dan tink ik al gau oan in lyster of ljurk In aard is in aard en jo bliuwe dochs gast Yn it liif fan in oar dat net by dy past Lit my oars swimme as in dolfyn Ik wol sels wol libje as knyn of as swyn Mar ik bin dochs een minsk en ik wol nee beslist Noait fan myn libben yn in fûgelbekbist Want in fûgelbekbist is lilk en dom As fûgelbekbist wol ik net werom Als ik tink oan dat mûnster dan wurd ik al kjel Dan baarn ik noch leaver yn it fjoer fan de hel Nim gau in beslút, jo witte ik wurd ald Tasmanie, dat is de ein fan de wrâld En ik wol ek net nei Artis, yn in hok as ik koai En ik fret wier gjin wjirms, godskes wat in alloai Sa'n primityf wêzen, da's neat foar my Hiel de evolúsje ging oan se foarby Ja no tinke jo grif "dy Piter is in narsist" Mar asjeblyft nee noait gjin fûgelbekbist In liuw is in kening, in hazze kin hurd Sterk is in bear en tûk is in murd Jo hawwe respekt foar in wolf as in haai Mar elkenien skyt op it fûgelbekskaai Ea bin 'k ûntkommen oan de byt fan in slang Ik kin it har ferjaan al wie ik al wat bang Mar neffens my is elk bist fan natoere sadist En ik haatsje it ferskriklike fûgelbekbist In fûgelbekbist is lilk en dom As fûgelbekbist kom ik net werom Ik fyn wol wat út, ik skop wol in rel Mar ik sil der foar soargje dat 'k baarn yn'e hel Fûgelbekmantsjes ha fûgelbeklyfkes Se frije allinne mei fûgelbekwiifkes En fûgelbekwiifkes dat griist my sa oan Hear, let my bliuwe in minskepersoan Want in fûgelbekbist is lilk en dom As fûgelbekbist kom ik net werom Ik wurd wol in dief, en oars stek ik ien del Ik sil der foar soargje dat 'k baarn yn'e hel ! (c) Piter Wilkins