Piter Wilkens
Piter Wilkens - Henkie Cola songtekst
Je score:
Henkie Cola giet altyd mei op stap hy bliuwt mar oan 'e cola, nee it is gjin grap al myn maten goaie it liif fol bier mar Henk seit: "Nee!" en laket blier "Jou my mar cola, dat kin ik better ha" dus eltsenien neamt him: Henkie Cola Henkie Cola, sa is er altyd west op skoalle ek al, sa is er op syn best mei de auto as op 'e fyts altyd mar dy cola, nee do krijst 'm wier net lyts foar Henk is cola alkohaolika dus eltsenien neamt him: Henkie Cola Henkie Cola, foar Henkie Cola, cola Henkie Cola, gjin jus d' orange of wodka gjin cola mei iis, gjin cola yn 'e miks allinne mar skjinne cola út in glês en oars mar niks sjoch 'm stean, wat is er op 't skik o, do meist wol sizze ús Henk, hy hat in colatik Henkie Cola stiet altyd foaroan jout rûntsjes om raak, dat fynt er hiel gewoan "It is sa 'n fijne gesellige fint" seit elts dy 't smoar it kafee troch rint, sels is er gau sêd, slacht gauris in rûntsje oer dus ik bin Henk syn maat, dat is net sa djoer Henkie Cola hat in V.W.- bus rom genôch foar ús en ús freondintsjes troch drankkotrôles yn waar en wyn loadst hy ús alle kroegen yn mei bandsjes fan Klinkhamer yn 't kassettedeck sa goed as bôle en hartstikke gek Henkie Cola, mei ús freonskip is it dien hy is fereale op in hert fan stien se giet noait út en sit oan 'e Spa en sy moat fan cola wier neat ha se hat it Henk al goed ôfleard hy moat der oan leauwe: Henkie Spa-read! Henkie Cola, ús bêste freon do sjochst der sa min út, wat hasto preaun do giest noait mear mei ús nei Berltsum ta wêrom wol dyn famke ek dat net ha pas mar op jonge, dit komt mei dy ferkeard dit wurdt in oerdoasis Spa-read.