Piter Wilkens
Piter Wilkens - Gjin twadde kear songtekst
Je score:
It libben is eins krekt in doas Mekano sa'n bak fol skroeven, moerkes en wat stikjes stiel do kinst dermei de moaiste dingen bouwe al is it wol in hiele soad gepiel salang ast lyts bist wolle sy dy wol helpe miskien hast, lyk as ik, ek wol in grutte broer mar der komt in dei dan stiest op eigen skonken en dan begjint it grutte aventoer Mei sechtsjin jier doe krige ik ferkearing it famke wie sa kreas, alles siet der op en oan mar ik wist foar gjin meter hoe ik it ha moast as ik wat sei dan hie ik it fuort bedoarn sy lei in kear de holle op myn skouder ik pakte har doe beet, joech har in grouwe tút sy raasde: 'Wat bisto in lytse fiislak' en myn grutte broer dy naaide mei har út Do moatst der sels wat fan meitsje en wachtsje no net al te lang, want aansen kin 't net mear en watst ek dochst, moatst út en troch ek laitsje want tink derom, der komt gjin twadde kear Elk jier waard ik fansels wer in jier âlder en njonkelytsen krige ik myn libben foar elkoar mar myn grutte broer dy bleau in maatsje grutter wie my yn alles krekt in stapke foar fan skoalle ôf seach ik in prachtich baantsje as stjoerman op in skip, dêr hie ik altyd al fan dreamd ik gie derhinne, mar it wie net mear nedich sy hiene krekt myn grutte broer beneamd Ien kear is it de earste kear de earste kear is altyd mar ien kear ien kear is it de earste kear dêrnei is it de earste kear net mear It libben is der net sûnder it deagean en ferdomd as it net wier is, dit ha ik nea earder dien it is wol hurd, mar it is perfoarst it bêste want in lijenswei dy gun ik wier gjinien myn grutte broer, ik sil dy no mar helpe want do hiest, doe't ik lyts wie, foar my ek alles oer do naamst myn froulju en myn doaze Mekano mar dizze kear stean ik ris oan it roer