Piter Wilkens
Piter Wilkens - Ezel nûmer ien songtekst
Je score:
Wie nea earder sa kompleet sa sûnder lijen, sûnder leed mar sil myn ûnrêst oait ferdwine bliuw ik stilstean by 't ferline Doch somtiden neat ferkeard fan hiel wat flaters hiel wat leard mar al ha 'k safolle dien faak noch ezel nûmer ien De twadde kear, deselde stien al wer ezel nûmer ien ferjit alle preken gau stek wol wat op, mar lear neat ôf Seach de moaiste froulju stean noch folle faker seach ik se gean se gongen oan myn noas foarby dus begûn ik wer opnij It doel is leech, de kâns is grut mar ik lit him ûnbenut want ik lis de bal wer breed faak happe, noait echt ris beet Deselde stien, de twadde kear soms wol trije kear of mear ferjit al dyn preken gau stek wol wat op, mar lear neat ôf Jou my romte, jou my tiid ik wit, alwer itselde liet beloof dy neat mar doch myn bêst en dyn waarmte docht de rêst Dyn sympaty freegje ik net gjin goed petear, it is al let lit my ferdwine, wês myn wiif ferjei it ferline út myn liif