Piter Wilkens

Piter Wilkens - dykskiep songtekst

Je score:

Wy ha in Fryslân alderhanne bisten
Yn 't bosk, yn 't fjild, op 't strân of onder 't pûn
Moai foar boeren, bern en ek toeristen
Op 'e pleats, in de natoer of yn de bistetún

Fertroude soarten mar ek frjemde rassen
It is hjir suver yn grut bisteryk
En der is in laach fan hiel aparte klasse
Dat binne de skiep dy't weidzje op de seedyk

It Fryske stamboekdykskiep is bysûnder
It Fryske stamboekdykskiep is unyk
Se dogge wier foar oare skiep net ûnder
Mar se ha de lofter en de rjochter poatsjes net gelyk

Dykskiep binne spesjaal fokt foar de skeante
Dykskiep binne net foar neat sa bryk
Sy hâlde harren op it flakke net lang steande
Mar sy rinne moai rjochtop op de seedyk

Sy rinne yn in rige nei it stek ta
Dêr stiet de boer en set se oer de dyk
Hy seit "ik wol se oan de oare kant ha
En se kinne mar ien kant út mei sa'n fysyk"

(c) Piter Wilkins
Vind dit lied op:
bol.com
amazon.com

Copyrights:

Auteur: ?

Componist: ?

Publisher: SKIIF

Details:

Uitgegeven in: 2005

Taal: Nederlands

Vertalingen: Nederlands

Deel je mening

Dit formulier wordt beschermd door reCAPTCHA en de Google Privacy Policy en Servicevoorwaarden zijn daarbij van toepassing.

0 Reacties gevonden