Piter Wilkens
Piter Wilkens - Dizze stoarm songtekst
Je score:
It like eartiids krekt in mearke, út sa'n tsjok ferhaleboek wy wienen it ideale pearke, yn ús wrâldsje sa temûk wat wisten wy no fan it libben, mar wol o sa eigenwiis en wy wienen der wakker wis fan, dizze leafde wurdt net griis Tegearre gauris mei fakânsje, nei Parys of Grikelân en ek al krigen wy gjin garânsje, wy wisten: dit hâldt ivich stân wy sieten elke jûn te praten, ik de whisky, do de wyn symbolyk net yn 'e gaten, ús swarte kat tusken ús yn En dizze stoarm kinne wy net keare ús woartels steane yn los sân kinne gjin twirre mear ferneare gjin hâldfêst, gjin fêst ferbân En sûnder dat wy it fernamen, dreaunen wy stadich útelkoar hieltyd mear ús eigen paden, hieltyd minder troch ien doar no krij ik fan 't ligen dikke lippen, as ik wer ris sis: 'Ik hâld fan dy' myn wurden glêd as griene sjippe, do leauwst al lang net mear yn my En lang om let wurde wy stiller, hawwe noait ris echt mear spul mar ek noait ris echt mear wille, ek net om de flauwekul wy prate noait mear oer fakânsje, wolle beide net mear fuort it giet oer de bern of oer finânsjes, oare siden binne ferskuord