Piter Wilkens
Piter Wilkens - de kening fan de greide songtekst
Je score:
Gjin sleat is my te wiid, ik kin oeral hinne gean Gjin hek is my te heech, 'k bin in atletysk fenomeen Ik bin de kening fan de greide fanke En myn namme is wiid ferneamd Mei myn polsstôk oer it skouder Bin ik wêr't eltse frou fan dreamt Ik ljep oer alle sleatten en fiel my ek yn it wetter thús Ik ljep oer alle sleatten en fiel my ek yn it wetter thús Ik rin yn myn bleate bealch en draach in learke foar myn krús Ik waard fûn troch in âld skiep, se brocht my grut as har eigen laam Ik waard fûn troch in âld skiep, se brocht my grut as har eigen laam Sa waard ik de Tarzan fan de skiep, heal man, heal raam Moarns train ik my de hynders, lekker drave op it sân Jûns sjong ik yn it koar mei alle fûgels fan it polderlân Ja, de famkes fan de maneezje, dy ride gauris troch myn lân Ja, de famkes fan de maneezje, dy ride gauris troch myn lân Dan swaai ik wat mei myn polsstôk en se ite út myn hân Se wie delstoart mei har F-16 en se kloppe op myn doar As in ingel út 'e himel en jawis ik wie fuort smoar Se sei "Ik Jane, do Tarzan" en we tuten mei elkoar Ik kin lêze en ik kin skrieuwe mei alle bisten fan it fjild Ik kin alle frjemde talen fan it Fean oan it Bildt Ik bin de kening fan de greide fanke En myn namme is wiid ferneamd Mei myn polsstôk oer it skouder Bin ik wêr't eltse frou fan dreamt (c) Piter Wilkins