Meindert Talma
Meindert Talma - De wylde bruljers songtekst
Je score:
'och heare hitskes,' seit Boate Blow, 'dizze dei hat my fel slein, it wie benei as sonk myn libben yn dat grize gat wei' 'hâld op mei janken,' ropt Sybren Spegel, 'hé stik sjagrijn achter dyn moaie tap, jit ús glêzen even fol, en as it kin in bytsje rap' och hearehitskes, och harrejasses dêr komme de wylde bruijers mei harren dronken harses se hawwe kisten oan en swarte learen jassen se hâlde fan dea izer en hollebatse se sykje spul, se skelle en rache, en jouwe rake klappen se krije allinne mar in stiven fan de allergoarste wiven och hearehitskes, Sybren Spegel en Boate Blow komme der oan it binne dikke doerakken en stikken ûnferstân och hearehitskes dêr komme de wylde bruijers dy't mei de jûkte yn 'e lea de herbergen ôfstreupe, om de boel flink te ferneuken och hearehitskes, och harrejasses dêr komme de wylde bruijers mei harren dronken harses se hawwe kisten oan en swarte learen jassen se hâlde fan dea izer en hollebatse se sykje spul, se skelle en rache, en jouwe rake klappen se krije allinne mar in stiven fan de allergoarste wiven och heare hitskes