Jan Tekstra
Jan Tekstra - mei men alline songtekst
Je score:
Heit ik wol mei dy te fiskjen en moast myn neie fuotbal sjen Heit, do moatst mei my healwiizje en my leare hoe’t ik in bân plakke kin Heit, wolst mei my nei de kermis ta en de fjouwerjûnetocht mei my rinne en op e’ ein fan e’ tocht gewoan wer op e’ nei begjinne Heit, ‘k soe fan dy swetse poche beare wolle tsjinoer myn maten want harren heiten kinne ek sa folle Moarn heit, moarn wol ik foar dy it keatsen winne En heit, asto dan lâns de kant stean koest soesto my dan noch kinne Heit, wolst mei my nei de kermis ta en de fjouwerjûnetocht mei my rinne want allinne mei mem, bin ik sa allinne Wit heit wol, dat achter ús hûs hiele moaie paadsjes rinne dus soe heit dan net efkes in kearke komme kinne want allinne mei mem, bin ik sa allinne Heit, ‘k soe fan dy swetse poche beare wolle tsjinoer myn maten want harren heiten kinne ek sa folle Heit, hasto wyl yn ‘e gaten dat ik no al alve bin