Jan Tekstra
Jan Tekstra - famke famke songtekst
Je score:
It is al wer sa let, ik sjoch de wyzers fan ‘e klok dy’t rûntsjes rinne Ik ryd werom fan dat wêrfan ik my no ôffreegje, wêrom moast ik dêr eins dochs hinne De beide hannen op it stjoer, de beide eagen stoarje yn ‘e fierste fierte As wat ik hjoed dien haw dan sa belangryk wie, hoe koe ik alles dan wêr ferjitte En ik wit, as ik myn eagen ticht doch dat ik dyn waarme billen foar my sjoch mar ik fjochtsje tsjin dit slim bedroch kop dêrby, ik moat noch kilometers troch eagen iepen, ik moat noch kilometers troch Famke, famke, wat moatsto dochs mei my famke, famke, ik gjin sa faak oan dy foarby Famke, famke, wêrom wachtesto op my want ik bin fierstente min foar dy Dizze nacht is noch swarter as swart, de moanne skûlet foar de sinne Ik mis de waarmte fan die gouden bal, ik mis dyn waarme liif om my hinne De ljochten fan it tankstasjon roppe ta, “wat jo sykje kinne jo hjir fine” Mar as ik binnen kom, brândt it neon yn myn eagen en fiel ik allinne leeche pine En ik wit, as ik myn eagen ticht doch dat ik dyn waarme billen foar my sjoch mar ik fjochtsje tsjin dit slim bedroch kop dêrby, ik moat noch kilometers troch eagen iepen, ik moat noch kilometers troch Famke, famke, wat moatsto dochs mei my famke, famke, ik gjin sa faak oan dy foarby Famke, famke, wêrom wachtesto op my want ik bin fierstente min foar dy Ik set de auto del, de lêste meters nei ús hûs rin ik troch de stille strjitte Sa as altiid hasto my allang heard, do dochst it ljocht oan en komst my temjitte Do seist: ‘’Ik bin sa bliid datsto der bist, ik koe net sliepe, ‘k moast hieltyd oan dy tinke De jonges freegen fan ‘e jûn hieltyd nei dy , hasto it kâld jongen en wolsto wat waarms drinke?” En ik liz mei myn eagen ticht myn kâlde hannen op dyn waarme billen myn ruche burd tsjin dyn sêfte gesicht it fielt sa goed om dy te fielen famke, famke, wat bin ik sûnder dy