Jan Tekstra
Jan Tekstra - besûnder songtekst
Je score:
As ik der net mear bin en do fynst de dagen net gewoan de nachten net sa’t sy wiene tink dan dat wy gewoane dagen en gewoane nachten hiene om’t dat der sa’n soad besûndere wiene As ik der net mear bin lit dan dyn tinzen dy besûndere dagen en nachten liene en witte dat wy tusken al it gewoane sa’n soad besûnders hiene As ik der net mear bin wit dan dat wy by nacht en by dei yn it gewoane wat besûnders wiene As ik der net mear bin