Fokke de Groot
Fokke de Groot - Simmerskyn songtekst
Je score:
Wite roazen kleurje read Troch it sakjen fan 'e sinne Tinzen flean' werom as wie 'k wer jong Kikkerts kweakje hûndert út No't de dei syn eagen slút 'k Wit noch goed hoe't jûns ús mem har sankjes song Sêft giet dyn tekken op en del Do bist sa stadichoan al wer in jier Sa yn it lêste simmerskyn Fielt it eins net hiel lang lyn Op it plakje dêr't ek ea myn widze stie In 'e fierte slacht de toer It ritme fan it libben Dreamjend stoarje ik nei de hoarizon By it sjen fan 'e lêste stjer Is it earste dat ik hear Hoe't ús heit spile op syn akkordeon Sêft giet dyn tekken op en del Do bist sa stadichoan al wer in jier Sa yn it lêste simmerskyn Fielt it eins net hiel lang lyn Op it plakje dêr't ek ea myn widze stie Dit is it plakje dêr't ek ea myn widze stie