Fokke de Groot
Fokke de Groot - Gouden en Sulveren Tiid songtekst
Je score:
We stean hjoed wer foar in drompel Skriuwe skiednis sûnder skoft Mar troch freonen om ús hinne Klearret stadichoan de loft Ea ûntstien út grietenijen Trije gemeenten waarden ien No't wy nije kânsen krije Bou'we fierder, stien foar stien Kom en sjong mei dit liet! En wês klear foar in nije moarn Fuort mei ûnwissens en de striid Kom en rik mei krêft jim hân Nei it hert fan 't Fryske lân Foar in gouden en sulveren tiid Reduzum, Grou en Jirnsum gean nei Ljouwert Akkrum/Nes, Aldeboarn nei 't Fean Terherne giet op yn De Jouwer Krijt Súdwest-Fryslân alhiel De Legeaen Ljouwert komt ek noch temjitte Warten, Wergea en Warstiens Fansels Idaerd en Eagum net ferjitte 'Last, but not least' it skoandere Friens Kom en sjong mei dit liet! En wês klear foar in nije moarn Fuort mei ûnwissens en de striid Kom en rik mei krêft jim hân Nei it hert fan 't Fryske lân Foar in gouden en sulveren tiid Begin it nije jier mei faasje Mei nij belied in goed begjin In takomst foar in generaasje Troch sûne mienskipssin Nei 30 jier in boek, in streekroman Aanst ûnder glês yn't museum te sjen No falt it doek, dit wie it dan Tabee ... Boarnsterhim Kom en sjong mei dit liet! En wês klear foar in nije moarn Fuort mei ûnwissens en de striid Kom en rik mei krêft jim hân Nei it hert fan 't Fryske lân Foar in gouden en sulveren tiid Kom en sjong mei dit liet! We bin' klear foar de nije moarn Fuort is de ûnwissens en de striid Kom en rik elkoar de hân Yn it hert fan 't Fryske lân Foar in gouden en sulveren tiid Foar in gouden en sulveren tiid