Fokke de Groot
Fokke de Groot - Fryslân, Fryslân songtekst
Je score:
Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren Tinzen falle fan my ôf, soargen wurde lichter En wit'k wer wêr'k faak finzen sit, yn myn rol, myn plichten Want troch it silen op 'e mar, it farren op it wetter Troch romte, weagen, ljocht en wyn fiel ik my al wer better Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren As ik lang om útens bin, al rin ik oer it moaiste strân Al stean ik op de heechste berg, sjoch ik út nei't flakke lân Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren No't ik wit wêr'k wêze moat bliuw ik wat faker Fryslân trou Ik fiel my dan ek aardich thús, sa as op 'e Lemmer, Wâldsein, Snits of Grou Wêr't wy yn 'e wrâld ek sitte Nea sil it bern-yn-dy syn heitelân ferjitte Frijheid winkt, de sinne skynt, wyn rûst oer de weagen Ik krij wer moed en sjoch wer ljocht, ik ha wer doel foar eagen Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren Fryslân, Fryslân wat bisto ryk mei dyn greid' en marren Romte foar elk dy't fan dy hâldt te libjen en te farren