De Kast
De Kast - Twalingsiel songtekst
Je score:
Ús skiednis wie al lang begûn Foardat ik yn dyn eagen seach It wie as at 'k dy koe It libben it sa woe In see fan stjerren oan de loft In see fan minsken yn de stêd Mar we bleaunen beide oer Ferriisden út it fjoer Yn in dream fan in nacht seach ik yn dy in bytsje fan my Myn leafste, myn twalingsiel Ik fielde my sa oars as oars We wiene beide sa gelyk Wy komme út in oare wrâld Ús sielen binne âld Yn in dream fan in nacht seach ik yn dy in bytsje fan my Myn leafste, myn twalingsiel, myn twalingsiel Mar it wie te let, do kaamst te let út it skaad Ik bin te fier ûnderweis op in donker swalkers paad No rin ik wer troch it tsjuster, allinich en fierder as juster Want do bist gjin diel mear fan my Myn leafste, myn twalingsiel Ús takomst is net mei inoar Ús sielen gean in eigen wei Dit is wat it is Do bist it dy't ik mis